Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Sportman fan 'e ieu


Sportman fan 'e ieu (2006)

Soesto de leafde fan dyn libben sitte litte? Yn 2000 kiest Fryslân de Sportman fan 'e ieu. Sake Wiarda besiket de oare sjueryleden te oertsjûgjen en fertelt it libbensferhaal fan pealsitter Teake Jongsma. Al fan de legere skoalle ôf besiket Teake te ûntkommen oan de ûnderdrukking fan de arbeiders yn de jierren tritich. It pealsitten biedt him in útwei. Teake wurdt in symboal foar de ûnderdrukte arbeiders, mar as er ien kear op 'e peal sit, rint er it risiko dat de leafde fan syn libben him troch de fingers glûpt. Teake stiet foar in dreech beslút: bliuwt er sitten of kiest er foar syn grutte leafde? In prachtich Hollânsk dokumint, fol leafde, humor en drama, en mei glânsrollen foar Jochum ten Haaf, Bastiaan Ragas en Ricky Koole.